Iselmarfiskers útkeapje

17 maaie 2013 - 15:45

Der is sân oant tsien miljoen euro nedich om fyftich fan de santich Iselmarfiskers út te keapjen. Tweintich beropsfiskers kinne dan oan it fiskjen bliuwe. Dat seit Marjan van Kampen-Nouwen dy't bemiddelet tusken de berops- en sportfiskers op de Iselmar. De sportfiskers fine dat de beropsfiskers tefolle fisk fange.

Van Kampen-Nouwen skriuwt oan de Twadde Keamer dat beide partijen ree binne om ôfspraken te meitsjen oer ferbettering fan de fiskstân yn de Iselmar.

Om de ferbettering foarinoar te krijen soe it ryk ek jild stoarte moatte yn it Iselmarfûns, dêr't beropsfiskers mei kompensearre wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)