Iselmarfiskers trapearre

03 nov 2005 - 12:02

De plysje hat op 'e Iselmar twa fiskers trapearre op fiskjen mei netten mei te lytse mesken. De Enkhuzers hienen sa'n 200 netten út te stean. Hast 100 dêrfan foldiene net oan de easken. Dy netten hienen in lingte fan acht kilometer. In diel fan de fisken yn de netten wie ûndermjitsk.

De fiskers hawwe in proses-ferbaal krigen. De yllegale netten binne yn beslach nommen. It OM yn Alkmaar beslút letter oft se netten weromkrije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)