'Iselmarfiskers gau saneare'

22 mrt 2005 - 06:41

De sanearing fan de Iselmarfiskerij moat sa gau mooglik begjinne. Dat fynt boargemaster Piersma fan Wûnseradiel. Mei noch fjouwer boargemasters fan oare Iselmargemeenten hat er in brief skreaun oan minister Veerman.

De minister wol in regeling foar de sanearing earst foarlizze oan de Europeeske Kommisje. Neffens Piersma duorret dat te lang. De fiskers binne no ree om mei te wurkjen. As it langer duorret faaks net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)