Iselmardyk by De Lemmer wurdt meter ferhege

09 mrt 2015 - 17:18
  • De Iselmardyk by De Lemmer sil flink fersterke wurde

Wetterskip Fryslân begjint takom moanne mei it ferbetterjen fan de Iselmardyk by De Lemmer. Mei-inoar wurdt fiif kilometer dyk oanpakt. Dat is needsaaklik omdat it stik net mear foldocht oan de feiligenseasken. De dyk wurdt in meter ophege. It wurk duorret twa jier en kostet tolve miljoen euro.

Neffens it wetterskip giet it om logistyk yngewikkelde put wurk mei in soad ferkearsdrokte. Foar omwenners en bedriuwen is dêrom takom wike in ynformaasjegearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)