Iselmardyk De Lemmer fersterke

13 mrt 2014 - 22:03
  • De Iselmardyk by De Lemmer sil flink fersterke wurde

De Iselmardyk by De Lemmer wurdt yn de kommende jierren flink fersterke. De dyk wurdt oer in lingte fan fiif kilometer ferbrede en ophege. Yn totaal sil der hast 100.000 kúb klaai oanbrocht wurde op de seedyk oan de noardkant fan it doarp.

De operaasje is nedich om't de dyk net langer foldocht oan de easken fan de tiid. De wurksumheden dy't healwei takom jier begjinne, sille nei alle gedachten foar oerlêst soargje. Sa komme der alle dagen sa'n 30 swiere frachtauto's fol klaai by it doarp del, oer in dykje dat der eins net op berekkene is.

Wetterskip Fryslân hie de klaai leaver oanfierd oer it wetter, mar om't de Iselmardyk yn in natoergebiet leit, is dat net mooglik. It wurk moat ein 2017 klear wêze en kostet tusken de 10 en 15 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)