Iris twittert ek yn it Frysk

19 apr 2012 - 11:05

Sjongeres Iris Kroes is ien fan dejingen dy't meidocht oan de Fryske.
Twitterdei. It Frysk is tongersdei trending topic op twitter op de earste Fryske Twitterdei. Dat betsjut dat tweets mei #frysk by de tsien faakst pleatste tweets fan Nederlân hearre.

De organisaasje leit by de Praat-mar-Frysk-kampanje fan de Afûk. Mear minsken moatte Frysk brûke op sosjale media. Guons doare it no net sa goed, omdat se benaud binne flaters te meitsjen. In soad foarljochters, politisy en Fryske bedriuwen dogge ek mei oan de Fryske twitterdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)