De 19-jierrige Iris Kroes út Drachten is de winner fan The Voice of Holland. Se wûn it yn de spannende finale fan Chris Hordijk mei 51 persint fan de stimmen. Yn de ferskate tuskenstannen fan de talintejacht stie Iris ek hieltyd op nûmer 1.
Paul Turner moast yn de finale as earste de show ferlitte, folge troch Erwin Nyhoff. Beide sjongers krigen net genôch stimmen fan it publyk.
It earste nûmer dat Iris yn de finale die, wie ‘Skinny love’ dat se song mei de jonge Britske sjongeres Birdy. As solonûmer hat se keazen foar ‘Someone like you’ fan Adèle. Dat song se ek by de blind auditions fan it programma. Ek freedtejûn begelate se harsels op de harp. Mei dat ynstrumint makke se in soad yndruk op de sjuery.
Sjueryleden Nick en Simon joegen Iris foar har optreden in 8,5. De minsken thús hiene gemiddeld in 8,3 foar it optreden oer. Coach Marco Borsato sei dat er djip rekke wie troch har optreden en dat se sûnt de earste audysje groeid is yn har performance.
Sneontemiddei om fjouwer oere wurdt Iris Kroes huldige yn De Lawei yn Drachten. Op de webside fan de skouboarch stiet dat yn it djipste geheim wurke is oan in grut feest. De fontein by De Lawei sil sneontemiddei goud kleurje.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |