Irene Schouten wint foar it earst NK maraton

03 jan 2016 - 16:06

Irene Schouten fan Andyk hat sneintemiddei foar it earst yn har karriêre de Nederlânske titel op de maraton pakt. Schouten, út de ploech fan Jillert Anema, fersloech Janneke Ensing (sulver) en Iris van der Stelt (brûns).

Healwei waard de race neutralisearre fanwegen in falpartij. Carien Kleibeuker socht dêrnei de oanfal, mar koe net fuortbliuwe. Dêrnei die se in protte wurk foar har ploechmaat Irene Schouten. Sa goed dat dy poerbêst ôfsetten waard foar de einsprint dy't se mei oermacht wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)