Ireen Wüst is woest op reedridersbûn KNSB

02 des 2015 - 10:19
  • It poadium fan de 1500 meter

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean fielt har yn de steek litten troch it reedridersbûn KNSB.
Se die neffens de NOS in fergees berop op it bûn om har in akkreditaasje te jaan, om op goed iis traine te kinnen. 

Traine yn Thialf ûnder publyksoeren

It bûn giet dêr net yn mei, om't Wüst har earder yn it seizoen net pleatste foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Dat kaam neffens Wüst troch in harsenskodding, dy't se oprûn nei in fal mei har fyts.

Om't se gjin akkreditaasje krijt, moat de meast suksesfolle Nederlânske reedrydster ea yn Thialf traine ûnder de publyksoeren. Neffens it KNSB steane regels fan it ynternasjonale iisbûn ISU net ta dat der foar Wüst in útsûndering makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)