Ireen Wüst is wurch en start snein net op it NK sprint

18 jan 2015 - 13:51
  • Ireen Wüst yn aksje foar Team Continu

Ireen Wüst komt snein net mear yn aksje by op it NK sprint yn Grins. Wüst hat yn oerlis mei har trainster Marianne Timmer besletten om rêst te nimmen, omdat se net fit is. "We hebben nog belangrijke wedstrijden voor de boeg en het is nu gewoon verstandiger om niet meer in actie te komen", sa seit Timmer.

Wüst seit sels op Twitter dat se 'wurch' is: ,,Vandaag geen NK sprint voor mij. Het lichaam is vermoeid. Nu even rust pakken en voorbereiding op de rest van het seizoen! Helaas!".

Wüst die oan it NK sprint mei om in startbewiis op de tûzen meter te fertsjinjen op it WK ôfstannen. Wüst ried sneon mei 1.17.99 de twadde tiid nei Marrit Leenstra, dy't de tûzen meter wûn yn 1.17.81. Timmer en Wüst gokke der no op dat dy tiid fan 1.17.99 foldwaande is foar kwalifikaasje foar it WK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)