Ireen Wüst wrâldkampioene

19 feb 2012 - 15:01

Ireen Wüst is foar de tredde kear yn har karriêre wrâldkampioene allround wurden. Yn Moskou hie de ynwenster fan It Hearrenfean oan in bêste 5000 meter tsjin de Tsjechise Martina Sábliková mear as genôch oer foar de titel. Sábliková wûn yn 6.58.74, Wüst kaam út op 7.02.39, wylst se krapoan 12 sekonden ferlieze mocht. Achter Wüst en Sábliková einige Christine Nesbitt op it tredde plak. Linda de Vries fan Smilde waard kreas fjirde. Wüst wie earder de bêste yn 2007 op It Hearrenfean en ferline jier yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)