Ireen Wüst wint ek 1500 meter

23 mrt 2014 - 13:48

Ireen Wüst hat snein by it WK ek de 1500 meter op har namme skreaun. Yn in tiid fan 1.54.13 wist se de Russinnen Olga Graf (1.55.67) en Yuliya Skokova (1.55.99) foar te bliuwen. Yvonne Nauta einige yn 1.57.32 op it fyfde plak.

Troch de winst ferrommet Wüst har foarsprong mei allinnich noch de 5000 meter te gean nei goed 23 sekonden op de nûmer twa Skokova. Olga Graf folget op plak trije yn it klassemint op 26 sekonden. Nauta klimt nei de 1500 meter nei it sânde plak yn it klassemint en moat in super 5 kilometer ride foar in poadiumplak.

By de manlju gong de winst op de 1500 meter nei de Rus Denis Yuskov, dy't in winnende tiid fan 1.46.12 op 'e klok sette. Koen Verweij waard mei syn tiid fan 1.46.47 dield twadde mei de Belch Bart Swings. Jan Blokhuijsen kaam mei 1.47.16 út op it sechsde plak. Mei allinnich noch de ôfslutende 10 kilometer te gean, giet Koen Verweij noch altyd oan de lieding. Hy hat hast 10 sekonden foarsprong op Jan Blokhuijsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)