Ireen Wüst tredde op it WK

21 mrt 2010 - 18:10
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst is as tredde einige op it wrâldkampioenskip reedriden op Thialf. Wrâldkampioene waard, lykas ferwachte, de Tsjechyske Martina Sablikova. Sy fersloech Wüst yn in direkt duel op de ôfslutende fiif kilometer.

Sablikova wûn de fiif kilometer yn 6.50,98 en passearde dêrmei yn ien kear Kristina Groves en Ireen Wüst. Wüst waard ferline jier ek tredde op it WK allround. "Ik heb mijn best gedaan. Meer zat er gewoon niet in", sei Wüst nei ôfrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)