Ireen Wüst sânde op 3000 meter

07 feb 2009 - 15:59

Ireen Wüst fan It Hearrenfean is op it wrâldkampioenskip allround yn Hamar sânde wurden op de 3000 meter. Wüst kaam oer de streek yn in tiid fan 4.07,98. Martina Sábliková út Tsjechië wûn de trije kilometer foar Renate Groenewold en Paulien van Deutekom.

Ireen Wüst stiet yn it algemien klassemint op in fyfde plak en stiet it heechst fan de Nederlânske dielnimmers yn it klassemint. Nei twa ôfstannen wurdt it klassemint oanfierd troch Martina Sábliková.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)