Ireen Wüst pakt goud op 3 km

09 feb 2014 - 14:19
  • Ireen Wüst pakt goud op 3 km
  • Bliidskip by Ireen Wüst
  • Kening WIllem Alexander (L) Keninginne Maxima (M) Camiel Eurlings (R)

Ireen Wüst hat foar de twadde gouden medalje foar Nederlân soarge op de Olympyske Spelen yn Sotsji. De grutte favorite wûn de 3000 meter yn 4.00.34. De konkurrinten Martina Sábliková mei 4.01.95, Olga Graf mei 4.03.47, Claudia Pechstein mei 4.05.26 en ek Antoinette de Jong mei 4.05.77 kamen net oan de tiid fan de Brabânse Friezin. It sulver wie foar Sábliková, it brûns foar de ferrassende Russin Graf. Antoinette de Jong fan Rottum waard úteinlik sânde.

De tredde Nederlânske rydster Annouk van der Weijden waard fyfde yn 4.05,75.

It wie de fyfde kear dat in Nederlânske rydster de Olympyske 3 kilometer wûn. Ans Schut wie yn 1968 de earste, Stien Kaiser yn 1972 de twadde. Yn 1988 wûn Yvonne van Gennip de Olympyske 3 kilometer, yn Turijn wûn Ireen Wüst as 19-jierrige de 3 kilometer ek al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)