Ireen en Marrit ien en twa

04 mrt 2011 - 20:18
  • It wrâldbekerpoadium 1500 meter (foto: awfoto.nl)

Ireen Wüst hat freed op Thialf de 1500 meter wûn. De wrâldkampioene allround sette mei 1.56,35 de finale fan de wrâldbeker nei har hân. Marrit Leenstra waard kreas twadde yn 1.57,00. Christine Nesbitt fan Kanada waard tredde yn 1.57,86.

It wrâldbekerklassemint wie foar Nesbitt, foar Leenstra en Wüst. Dizze trije froulju binne takom wike freed ek favoryt foar de wrâldtitel op de 1500 meter. Dat kampioenskip begjint tongersdei yn Inzell.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)