'Irakoarloch net samar foarby'

27 mrt 2003 - 00:00

In oarloch is net samar te kearen, sa wie de konklúzje op in diskusjejûn yn Ljouwert mei as tema 'Hoe kin de oarloch tsjin Irak ophâlde?' Krapoan tritich minsken wiene dêr. De jûn wie opset troch de SP-jongerein Ljouwert.

De fredesaktivisten Cor Keijzer en Peter Zeldenrust fan de Ynternasjonale Soasjalisten sprutsen op de jûn. Jins stim hearre litte bliuwt nedich, fine se. Ek tongersdeitejûn is der wer in demonstraasje by de Waag yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)