iPhones Ljouwert samar fuort

11 jul 2008 - 12:57
  • Paul Hettinga kocht as earste in I-phone

In soad minsken hiene útsjoen nei de nije iPhone. Dizze mobile tillefoan fan Apple kin in soad dingen lykas ynternette en maile. Alles giet mei in 'touchscreen', as je it byldskerm oanreitsje reagearret de tillefoan.

Freed wie de earste dei dat it tastel yn Nederlân ferkocht waard. Omdat de belangstelling tige grut is hiene de winkels yn Ljouwert der mar in pear. De MacMe yn Ljouwert hie der mar acht. De klanten moasten sadwaande freed lotsjes lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)