Ipewacht plantet nije ipen

11 nov 2009 - 11:58
  • Der binne minder sike ipen

De Ipewacht Fryslân sil him de kommende jierren mear rjochtsje op it werplantsjen fan ipen. Oant no ta wie de organisaasje benammen dwaande mei it bestriden fan de ypsykte. Dy ynset hat der foar soarge dat minder as ien prosint fan de ipen yn Fryslân de sykte noch krijt.

De organisaasje wol no de plakken dêr't beammen kapt binne opnij oanplantsje. Dat wurdt dien mei ipen dy't minder gau siik wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)