Ipewacht bestriidt sike beammen

22 des 2004 - 17:35

De Stichting Ipewacht moat de yp foar Fryslân behâlde. Goed 20 kustgemeenten, de provinsje en Steatsboskbehear wurkje gear yn de stichting dy't woansdei oprjochte is. De âlde ipewacht wie foar guon gemeenten te djoer wurden en is ôfskaft. Mei de nije stichting is de rêding fan de yp in stap tichterby.

It ministearje fan lânbou stekt 25.000 euro yn ûndersyk nei ûntwikkeling fan de sykte. Dat bart yn gearwurking mei ûndersyksynstitút Alterra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)