Ipen plante yn Boalsert

17 feb 2011 - 16:50

Yn Boalsert wurde dizze maaitiid 54 ipen plante oan it Leech Bolwurk yn de stêd. De beammen komme yn it plak fan de goed fyftich wylgen dy't ein ferline jier kapt binne by de werynrjochting fan de strjitte. Oer de wylgen waard in soad klage, om't de woartels fan 'e beammen de strjitte en it rioel stikkenmakken.

Yn it ferline stiene der ek ipen oan it Leech Bolwurk. Mei de nije oanplant wurdt de strjitte werombrocht yn de âlde steat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)