iPad-ûnderwiis kin basisskoalle De Stam yn Langedike rêde

15 jan 2015 - 13:09
  • Tablet

iPad-ûnderwiis wurdt mooglik de rêding foar de mei sluting bedrige iepenbiere basisskoalle De Stam yn Langedike. De skoalle hat 21 learlingen en dat is te min. Der moatte minstens 23 learlingen wêze. Mar de âlden fan de bern en ûnderwiiskoepel Comperion wurkje oan in oplossing.

Neffens direkteur Sake Saakstra fan Comperio moat de skoalle yn Langedike yn elts gefal fusearje mei in oare skoalle. Yn Langedike kin dan it iPad-ûnderwiis op lytse skaal útrôle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)