IOC tikket Meyer op de fingers

23 jan 2004 - 00:00

Meyer Special Equipment út Sint Jabik hat it Ynternasjonaal Olympysk Komitee op syn dak krigen. In logo fan in nij produkt fan Meyer liket op dat fan de Olympyske sportbeweging. Juristen easkje dat it bedriuw it logo feroaret.

Meyer hat krekt in nij produkt, de rolfoark. It logo dêrfan hat rûntsjes, trije op in rige mei dêrûnder noch twa. Dat liket op de Olympyske ringen. It bedriuw hat in simpele oplossing: it logo ûnderste boppe draaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)