Inverkofabryk yn Aldehaske

15 maaie 2014 - 14:00
  • Inverko en Omrin ûndertekenje it akkoart

Plestikferwurker Inverko fan De Lieke begjint in eigen fabryk yn Aldehaske. It fabryk komt yn in leechsteand gebou op ekopark De Wierde fan Omrin. Earder waard al bekend makke dat Inverko en Omrin in gearwurking oangeane. Inverko sil al it plestik ferwurkje, dat troch Omrin út it ôffal helle wurdt. It bedriuw makket dêr grûnstoffen foar oare produkten fan. De oerienkomst jildt foar de kommende acht jier.

It fabryk ferget in ynvestearring fan 1,5 miljoen euro en sil wurk biede oan sa'n 15 minsken.

Sy sille aansens basisprodukten meitsje wurdt foar de produksje fan kuenststofartikelen. Neffens Omrindirekteur John Vernooij past it kontrakt fan Omrin mei Inverko by de ambysje fan syn bedriuw om in kringloopekonomy ta stân te bringen. Dat betstjut dat ôffal hieltyd opnij brûkt wurdt as grûnstof foar nije produkten en dat it leafst yn de eigen regio. No giet it kuensstofôffal foar ferwurking noch nei Dútslan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)