Inuit wolle ien alfabet

14 aug 2002 - 00:00

Inuit út Ruslân, Kanada, Alaska en Grienlân konferearje yn Quebec oer it alfabet. Doel is ta ien skrift te kommen. No brûke se trije ferskillende: it sirrilyske, it Westerske en in eigen skrift mei seis regionale farianten.

De Inuit wenje om it Noardpoalgebiet hinne. Earder waarden se ek wol Eskimo's neamd, mar dat is in skelnamme. Der binne 100.000 Inuitpraters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)