Intratuin yn Drachten

18 mrt 2003 - 00:00

Yn Drachten komt ein takom jier in Intratuin. Der komme 25 minsken te wurkjen. De gemeente Smellingerlân hat dat tiisdei bekend makke. It túnsintrum fan 4000 kante meter komt oan de noardkant fan Drachten, yn de rjochting fan de Rottefalle. De gemeente woe de Intratuin-festiging graach ha.

Oan de súdkant fan Drachten is al in túnsintrum. Neffens boargemaster Van der Zaag is der genôch plak foar in twadde 'griene winkel'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)