Internoord nimt oar buro oer

15 jul 2009 - 16:31

Reisburo Internoord fan Ljouwert hat in festiging fan it fallite Gerard Borgeld Reizen oernaam. It giet om de festiging op it fleanfjild fan Eelde. Internoord sjocht de oername as in oanfolling op de ynternetaktiviteiten. Dêr sil it buro benammen foar ynset wurde en ek as callcentre.

Om't gebou op it fleanfjild sit kin it dêr ek goed tsjinje as servicecentre foar de lofthaven. It reisburo hat dêr ôfspraken oer makke mei de direksje fan it fleanfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)