Intercity Swol wurdt boemel

16 jan 2012 - 12:26
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

Fryslân rekket fan 2015 ôf de intercity-trein mei Swol kwyt. Dat seit de ChristenUnie yn provinsjale steaten. De partij is benaud dat de provinsje it oer in pear jier bûten de spitsoeren dwaan moat mei twa boemeltreinen.

De intercitys tusken Ljouwert en Swol hawwe no noch twa kear yn 'e oere in tuskenstop op It Hearrenfean en yn Stienwyk. Der bliuwe fan 2015 ôf twa treinen tusken Ljouwert en Swolle. Allinnich sille dy tusken Ljouwert en Meppel op elk stasjon stilstean.

De ChristenUnie is benaud dat minsken mei de nije tsjinstregeling - bûten de spits gjin rappe treinen mear - earder de auto pakke sille. De partij freget ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer om sa gau mooglik in tsjinfoarstel te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)