Intercity ride litte fia Swol

18 jan 2012 - 22:33
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

Deputearre Kramer moat him ynsette foar in intercitytrein fan Ljouwert nei Dimter, dy't stoppet by Swol. Dat fynt de ChristenUnie yn provinsjale steaten.

Woansdei makke de NS bekend dat it stasjon fan Swol dizze simmer net fjouwer wiken ticht giet. De wurksumheden sille no yn fazes útfierd wurde. Om foar de reizgers de oerlêst sa lyts mooglik te meitsjen, wol de ChristenUny dat der in treinferbining komt fan Ljouwert ôf dy't dan by Swol keart en dan nei Dimter giet.

Ek fynt de partij dat deputearre Kramer ûndersykje moat oft de treintiden fan de intercity út Ljouwert wei oanpast wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)