Intensive care MCL wer skjin

10 jan 2006 - 09:54

Sikehûs MCL yn Ljouwert kin in grut part fan de intensive-care-ôfdieling wer brûke. Ferline wike waard op de ôfdieling de sikehûsbaktearje VRE oantroffen. Dêrnei is in opnamestop ynsteld en de IC-ôfdieling is mei spesjale apparatuer skjinmakke.

Ut ûndersyk hat no bliken dien dat de baktearje foar in grut part ferdwûn is. Sechtsjin fan de mei-elkoar 24 IC-bêden kinne no wer brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)