Intelligint ljocht yn Ljouwert

19 sep 2009 - 13:36

Ljouwert krijt de lanlike primeur mei de pleatsing fan intelliginte strjitferljochting. Der komme oer in pear wike 13 nije armatueren lâns de Potmarge dy't in kuierpaad nachts folslein yn it ljocht sette.

Sensoaren en ledljochten soargje derfoar dat der mar in bytsje stroom brûkt wurdt. It Potmargepaad is op dit stuit net goed ferljochte. In soad minsken doare der jûns net iens gebrûk fan te meitsjen. It systeem is troch it bedriuw Heijtech út Surhuzum betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)