Insula yn Harns buorke goed

28 jul 2004 - 10:55

Fiskôfslach Insula yn Harns hat in hiel goed earste healjier hân. De omset is mei hast tritich prosint omheech gong nei mear as njoggentjin miljoen euro. Bûten Fryslân dogge guon fiskôfslaggen it folle minder.

De goeie resultaten soene benammen komme troch in gruttere oanfier fan garnalen. Boppedat is der in soad fisk yn it westlik part fan de Noardsee fongen en dy kinne de fiskers flugger fia Harns kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)