Inprotech giet nei Makkum

19 jun 2007 - 11:11

It technysk bedriuw Inprotech út Boalsert ferhuzet nei Makkum. Inprotech hat in part fan de gebouwen fan bouwbedriuw Draaisma yn Makkum kocht. Inprotech sit no noch yn in bedriuwsammelgebou op it bedriuweterrein De Marne yn Boalsert. By it bedriuw wurkje op dit stuit sa'n fjirtich minsken.

Inprotech makket benammen foar de suvel- en farmaseutyske yndustry rustfrijstielen liedingwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)