Innexus helpt studinten

23 nov 2010 - 14:32

Innexus jout studinten oan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert in stúdzjebeurs foar it earste jier en in baangarânsje. It giet ynearsten om trije studinten.

Innexus is in gearwurkingsferbân fan fyftjin bedriuwen yn 'e libbensmiddeltechnology yn Noard-Nederlân. Doel is om mear studinten te ynteressearjen foar in baan yn dy sektor. Dêr driget krapte oan goed oplate minsken. It tal studinten soe eins ferdûbelje moatte

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)