Inisjatyfnimmer facebookaksje AZC Balk lûkt stekker derút

23 mrt 2015 - 13:35

De inisjatyfnimmer fan de facebookpagina oer de komst fan in AZC nei Balk hâldt der al wer mei op. Neffens eigen sizzen docht er dat omdat in diel fan de reagearders him beskuldiget fan rasisme. De inisjatyfnimmer sette de side op omdat er fraachtekens set by de plande lokaasje oan de Wikelerdyk en de 500 asylsikers dy't der opfong wurde moatte.

Hy woe dêr de miening fan oaren oer hearre en dat is neffens him ek slagge. Hy seit sels net tsjin in opfang te wêzen. Om fierdere kommoasje foar te kommen hellet er de pagina no wer fuort.


Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)