Ingwierrum krijt doarpshûs

20 jan 2008 - 13:36

Ingwierrum krijt in echt doarpshûs. It Dykshûs wurdt foar goed 250.000 euro ferboud. De stichting Doarpshûs Ingwierrum hat de nijbouplannen sneon oan de ynwenners presintearre.

De inisjatyfnimmers binne al trije jier mei it doarpshûs dwaande. De gemeente Dongeradiel hat twa jier lyn al 100.000 euro tasein. De stichting ferwachtet noch 50.000 euro fan de provinsje te krijen. Ein dit jier moat de ferbouwing klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)