Ingrid van der Molen fan Spelend Sporten twadde nominearre

11 feb 2016 - 17:43
  • Assistint fan it talint

Koördinator Ingrid van der Molen fan Spelend Sporten is de twadde nominearre foar de titel Assistint fan it talint. Dy priis wurdt dit jier foar it earst útrikt op it Sportgala Fryslân. It is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei Sport Fryslân.

Ingrid set har al jierren mei entûsjasme yn foar hendikepte sporters. Neist de organisaasje fan de sporten sels fersoarget sy ek in soad oare aktiviteiten foar de minsken.

De priis Assistint fan it talint is bedoeld foar de assistint dy’t derfoar soarget dat jong en âld sporte kinne.

Nominaasjes

De kommende dagen wurde de trije nominaasjes bekend makke by Omrop Fryslân. Woansdei is bekend makke dat Jan Hulzinga de earste nominearre is. Ingrid van der Molen is dermei tongersdei de twadde nominearre foar de titel. Op freed 12 febrewaris wurdt de lêste nominearre bekend makke yn it radioprogramma ‘Weistra op wei’ en op de webside fan Omrop Fryslân.

Op alle gebieten aktyf

Ingrid van der Molen is opjûn troch Eelco Galema, dy’t tige te sprekken is oer har. “Jo kinne wol sizze dat Ingrid fan oanpakken wit.” Sy regelet ûnder oare dat de minsken swimme kinne, sy begelaat frijwilligers en soarget derfoar dat der bygelyks in bernesirkus komt. Neist de organisaasje fan de sporten soarget Ingrid ek dat der oare aktiviteiten foar de minsken organisearre wurde lykas it Sinteklaasfeest en karnavalfieringen. “En dat alles foar de hendikepte sporters by Spelend Sporten” seit Eelco Galama.

Sporten foar elkenien

Ingrid docht it mei alle leafde foar de hendikepte sporters by de feriening Spelend Sporten. “Har ynset om elkenien op hokker wize dan ek oan it sporten te krijen is in prachtich inisjatyf”, fynt Eelco.

Sportgala live by Omrop Fryslân 

Wa't de titel Assistint fan het talint wint, wurdt op woansdei 17 febrewaris bekend makke op it Sportgala Fryslân. Omrop Fryslân stjoert it folsleine gala live út op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)