Ingelsten nei SC Hearrenfean

23 des 2008 - 11:56
  • Patrik Ingelsten

De Sweedske spits Patrik Ingelsten spilet fan jannewaris ôf foar SC Hearrenfean. De oanfaller (26), dy't yn Sweden foar kampioen Kalmar FF spile, hat in kontrakt foar 3,5 jier tekene.

Nei de medyske keuring waard Ingelsten tiisdeitemoarn presintearre yn it Abe Lenstra stadion. Petter Hansson hat him oanret om nei Hearrenfean te gean. By de Feansters komt Ingelsten ek syn fuotbalmaat Viktor Elm wer tsjin. Dy waard al earder by Kalmar weihelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)