Ingelsktalige blomlêzing fan de Fryske literatuer

10 okt 2015 - 17:31

Der komt in Ingelsktalige blomlêzing fan de Fryske literatuer. It moat in plak krije yn de Angelsaksyske wrâld, sa fynt deputearre Sietske Poepjes. Se fynt dat it yn oanrin nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 in goed plan is om sjen te litten dat der in soad rykdom yn ús literatuer sit.

Benammen no't de skiednis rûnom de Noardsee in soad beskreaun wurdt. In oantal jierren lyn is der ek al sa'n blomlêzing makke. Doe gie it om 10 boeken út Fryslân. Ek dy aksje hie as doel de Fryske literatuer ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)