Ingelske nûmers op Stjerrejûn

23 nov 2002 - 00:00

It súksesfolle duo Twarres fan Wergea hat freed op de Fryske Stjerrejûn nêst twa Fryske hits ek twa Ingelsktalige nûmers songen. Twarres hat net genôch Fryske nûmers. It publyk fûn it net slim, mar fynt wol dat it by twa Ingelske nûmers bliuwe moat.

De earste Fryske Stjerrejûn luts freed in folle iishockeyhal. It publyk koe sjen en harkje nei artysten as Rients Gratama, De Kast, Three-ality en Gurbe Douwstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)