Ingelske flearmûs yn Fryslân

27 jan 2014 - 16:50
  • Flearmûs

Flearmûzeleafhawwers binne optein oer de fynst fan in deade flearmûs yn in loads by Pitersbierrum. Dizze rûge dwergflearmûs is by it optillen fan pallets dea rekke, mar dat is op himsels net bysûnder. Wat wol bysûnder is, is dat it om in eksimplaar giet mei in ring út Ingelân. De flearmûs is ea ringe yn 'e omkriten fan Bristol. De fynst bewiist dat de dwergflearmûzen tusken Ingelân en it Europeeske fêstelân hin en wer lûke.

Teddy Dolstra fan de Fryske sûchbistewurkgroep fertelt dat de flearmûs foar ûndersyk weromstjoerd is nei Ingelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)