Ingelsk yn berne-opfang

21 nov 2011 - 10:06

De berne-opfang fan Catalpa hat as earste yn Ljouwert in Ingelsktalige liedster. It giet om Tayler Sanchez, sy is de frou fan basketbalspiler Mark Sanchez. Dy spilet by Aris. Tayler sil frijwillich oan de slach by de berne-opfang. Yn Amearika hat se ek in soad mei bern wurke. Catalpa tinkt dat it goed is dat bern al jong wat Ingelsk leare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)