'Ingelen' sjonge MCL wekker

26 des 2004 - 13:43

Yn it fernijde sikehûs MCL yn Ljouwert is op Earste Krystdei in âlde tradysje nij libben yn blaasd. Sjongende ingelen brochten pasjinten en meiwurkers moarns ier al yn kryststemming. Dêrfoar giene se mei kearskes de tsjustere ôfdielings ôf om de minsken wekker te sjongen.

De tradysje fan 'e krystingelen stamt út 'e tiid fan it Bonifatiushospitaal, it gebou dêr't letter MCL-Noard yn kaam. Noard en Súd binne dit jier gearfoege ta ien MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)