Ingeborg Kroon nei Hamar

22 jan 2008 - 16:57
  • Ingeborg Kroon giet as reserve nei de Worldcup

Reedrydster Ingeborg Kroon fan Snits reizget woansdei nei Hamar om yn it wykein mei te dwaan oan de wrâldbekerwedstriden op de 500 meter. Kroon is op de 1000 meter reserve.

Troch in ûngemak fan Sanne van der Star op it keunstiis fan Thialf is Kroon no dielnimster yn Hamar. Van der Star bruts tiisdeitemoarn by de training har kût- en skynbonke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)