Ingeborg Kroon 1e op 500 meter

16 feb 2008 - 13:53
  • Ingeborg Kroon (foto: Martin de Jong)

Ingeborg Kroon fan Snits is sneon by de wrâldbekerwedstriden foar sprinters yn Inzell earste wurden op de 500 meter yn de B-groep. Se kaam oer de streek yn in tiid fan 40,56.

Yn de A-groep wûn de Dútske hâldster fan it wrâldrekord, Jenny Wolf yn 38,63. De Nederlânske Annette Gerritsen waard twadde yn in tiid fan 39,54. Marianne Timmer waard sânde. Gerritsen stiet twadde yn it algemien klassemint efter Jenny Wolf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)