Inge Dekker yn swimfinale

14 aug 2004 - 17:09

De Fryske swimster Inge Dekker hat har mei de Nederlânske froujusploech pleatst foar de finale fan 'e 4 x 100 meter frije slach. De Nederlânske swimsters pleatsten harren as tredde foar de finale fan 4 x 100 meter frije slach. De Nederlânske ploech bestiet njonken Dekker út Annabel Kosten, Marleen Veldhuis en Chantal Groot.

Yn 'e finale sil Inge de Bruijn it plak fan Annabel Kosten ynnimme. Yn Sydney helle Nederlân sulver op dit nûmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)