ING: Digitaal netwurk Fryslân ien fan minsten fan Nederlân

20 okt 2015 - 09:58
  • Glêsfezel

Fryslân is de op ien nei minste provinsje as it giet om digitale ynfrastruktuer. Dar docht bliken út ûndersyk fan it Ekonomysk Buro fan de ING. Dat hat ûnder oare besjoen hoe't it yn elke provinsje sit mei de beskikberens fan rap mobyl ynternet en datasintra. Sokke foarsjennings binne wichtich foar de ekonomy, want hieltyd mear bedriuwen meitsje dêr gebrûk fan.

De provinsje Gelderlân kaam as minste út de bus. Noard-Hollân, Grinslân en Utrecht hawwe de fersprieding fan rap ynternet it bêste op oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)