Indoor no by Friesian Show

22 okt 2005 - 11:20

Twahûndert weardefolle hynders binne dizze dagen te gast yn it FEC yn Ljouwert op it Indoor Fryslân. Dat hynste-evenemint wurdt dit jier foar de 38ste kear holden en is no foar it earst ûnderdiel fan de Friesian Show.

Der is gearwurking socht mei oare eveneminten om it indoor betelber te meitsjen. Dit jier wie de keuring fan Fryske kij al ûnderdiel fan de Friesian Show. Uteinlik moat it evenemint ta op mear dagen en mear eveneminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)