Indoor Fryslân út ein set

19 okt 2006 - 14:24

Mei mear as 200 dielnimmers is tongersdei yn Ljouwert it Indoor Fryslân begûn. Foar de 39e kear wurdt sprongen en dressuer riden troch Fryske, lanlike en ynternasjonale ruters. Indoor Fryslân wurdt besjoen as it topkonkoers fan it Noarden.

It programma is ôfwikseljend en moat de kommende dagen tûzenen besikers lûke nei it WTC/Expo yn Ljouwert. Indoor Fryslân duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)