Indoor Drachten is ek takom jier wer fan 'e partij

22 jan 2016 - 17:28

It trije wiken duorjende hynstespektakel Indoor Drachten sil ek takom jier hâlden wurde. Troch bestjoerlik gedoch stie it evenemint faai. De nije organisaasje is no sa tefreden oer de gong fan saken by de edysje fan dit jier, dat der takom jier wer in ferfolch komt.

Indoor Drachten is al oan de gong sûnt 4 jannewaris yn it kongressintrum yn Drachten. Dit wykein is it slotwykein mei noch tal fan wedstriden yn alderhande rubriken en leeftydsklassen. Ek topper Jeroen Dubbeldam docht mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)